Fjouwer gesichten.
Ien team.
Persoanlik kontakt, koarte linen en tegearre bouwe oan sterke digitale oplossingen. Gjin tuskenpersoanen: jo prate altyd mei de minsken dy’t it wurk dogge.
Gjin yngewikkelde rûtes, wol in heldere oanpak. Wy stappe njonken jo op en traapje tegearre nei resultaat.
Ien tandem,
fjouwer coureurs.
Wa’t by ús oanklopt, krijt gjin accountmanager of ûnnedige tuskenpersoanen. Jo prate streekrjocht mei de minsken dy’t jo projekt bouwe. Meitsje kunde mei it team.
-
Sydney Hut
Systemen en Apps
Sydney is in hurde wurker mei each foar detail. Hy bout tûke oplossingen dy’t ûndernimmers wurk út hannen nimme, sadat se mear tiid oerhâlde foar wat echt telt: ûndernimme.
-
Allard Eldering
Websides en Systemen
Allard is kreatyf, sosjaal en fan in protte merken thús. Hy tinkt graach mei út ferskillende ynfalshoeken en wit mei syn entûsjasme ideeën fierder te bringen.
-
Lars Boekelman
Systemen en Apps
Lars is in echte allrounder dy’t syn tosken graach yn nije útdagings set. Hy hellet enerzjy út it bouwen fan praktyske oplossingen dêr’t ûndernimmers écht wat oan hawwe.
-
Lars Kroles
Klantkontakt en Ferkeap
Foar Lars draait it om minsken. Hy leit maklik kontakt, hâldt fan goede petearen en fynt it wichtich om echte ferbinings op te bouwen. Gjin stive ferkeappraatsjes, mar persoanlik kontakt.
Benijd hoe’t jo bedriuw
online der útsjen kin?
Wy litte frijbliuwend sjen wat der mooglik is. Gjin ferplichtingen en gjin ferkeappraatsjes.
