Strategy & groei

Earst witte, dan bouwe.

Sûnder antwurd op de fraach wa’t jo siket, bouwe wy neat.

Elke webside begjint by ús mei strategy. Wa siket jo, mei hokker wurden, en wêrom kieze minsken foar jo en net foar de konkurrint? Wy dogge syktermenûndersyk, sjogge nei jo merk en bepale hokker siden der nedich binne.

Nei de lansearring hâldt it net op. Wy sjogge hoe’t besikers jo webside brûke, wêr’t se wei komme en wêr’t se ôfheakje. Wêr’t it better kin, stjoere wy by: in dúdliker side, in bettere tekst of in nije side foar in sykterm dy’t kânsen biedt.

Mei de Moanlikse Tandem tinke wy trochrinnend mei. Yn it Groei-pakket optimalisearje wy jo fynberens, yn Premium wurde wy jo online partner dy’t aktyf meitinkt oer nije kânsen.

Mjitte, bystjoere, groeie.

Ûndersyk

Wy sykje út wêr’t jo klanten op sykje en hokker siden dêrfoar nedich binne.

Mjitte

Wy sjogge nei besikers, sykopdrachten en oanfragen, sadat karren net op gefoel makke wurde.

Bystjoere

Wêr’t it better kin, passe wy oan. Lytse ferbetteringen dy’t tegearre it ferskil meitsje.

Faak stelde fragen.

Is strategy in los pakket?

Strategy sit yn elk trajekt. By in Sprintprojekt heart it by de tarieding. Trochrinnend mjitten en bystjoeren sit yn de Moanlikse Tandem, yn de pakketten Groei en Premium.

Wat mjitte jimme krekt?

Wy sjogge tegearre mei jo nei besikers, wêr’t se wei komme, wêr’t se op sykje en oft se kontakt opnimme. Statistiken wurde allinne sammele mei tastimming fan jo besikers.

Wurket dit ek foar in besteande webside?

Ja. Wy kinne ek nei jo hjoeddeiske webside sjen en oanjaan wêr’t de grutste kânsen lizze. Soms is bystjoeren genôch, soms is in nije webside ferstanniger. Dat sizze wy earlik.

Wêr lizze jo kânsen?

Fertel oer jo bedriuw en jo webside. Wy sjogge mei en litte sjen wêr’t de grutste kânsen lizze.